It doarp Eastermar wurdt ien grut terras

It doarp Eastermar sil fan 1 juny oant 1 septimber ien grut terras wurde. Dêr wurdt it doarsplein It Breed foar brûkt. Dat sil hielendal folstean mei terrassen, mar wol sadat minsken oardel meter ôfstân hâlde kinne.
De wurkgroep Simmerwille yn Eastermar wol op dizze wize soargje foar kompensaasje foar it gemis oan simmereveneminten en sosjale ynteraksje. Se lit witte dat it op dizze wize ek de pleatslike hoareka stipe wurdt, want dy sil de katering dwaan en krijt sa dochs de kâns om klanten te betsjinjen. Ek jout it toeristen de mooglikheid dochs nei Eastermar te kommen foar in hapke of drankje.

Crowdfunding

De tafels op de terrassen binne houten kabelhaspels mei in trochsneed fan 1,4 meter. Op 1 juny wurde dy fan 8.30 oere ôf troch 80 frijwilligers delset op it doarpslein en by it terras by Meerzigt. It Breed sil de kommende moannen ôfsletten wêze foar autoferkear en besikers fan Snakkerbuorren en jachthaven De Lits wurde omlaat.
De kosten fan de terrassen binne dutsen troch finansjele stipe én crowdfunding fan doarpsbewenners, bedriuwen, ferienings en stiftingen.