Riedslid Postma (Dantumadiel) kritysk oer rapport: "Ik lit my troch net ien de mûle snuorje"

Gemeenteriedslid Romke Postma fan Gemeentebelangen Dantumadiel is net bot ûnder de yndruk fan it krityske rapport fan de âld-boargemasters Liemburg en Van Mourik oer skerpe útlittings dy't er ferline jier die tsjin bestjoersleden fan doarpshûs Mynskip yn Feanwâlden.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
It bestjoer fan dat doarpshûs tsjinne in klacht tsjin de riedsleden Postma en Bakker, wêrnei't Liemburg en Van Mourik ûndersyk ynstelden. Sy skreaunen in kritysk rapport oer it optreden fan de riedsleden, mar lang net alle riedsleden diele de konklúzjes yn dat rapport, sa die tiisdei bliken by de digitale riedsgearkomste. Postma: "Ik lit my troch net ien de mûle snuorje."

CDA: boargemaster moat earder yngripe

"Volgens mij hebben deze twee raadsleden niks verkeerd gezegd", sei Hilda Zwart fan Sociaal Links. "Bovendien heeft een raadslid altijd de vrijheid om te zeggen wat hij vindt, ook al zijn die woorden niet voor iedereen even prettig om te horen." Foar riedslid Klaas Houtstra fan it CDA wie it rapport oanlieding om te pleitsjen foar in 'fatsoenliker wize fan mei-inoar omgean yn Dantumadiel'. Houtstra sjocht dêrby ek in rol foar boargemaster Klaas Agricola. Dy soe tenei earder yngripe moatte as diskusjes yn Dantumadiel ferbaal út de bocht fleane.

'Beskamsum' en 'neitraapjen'

Oare partijen reagearren wer fûl op it ferhaal fan Houtstra en omskreaunen syn optreden sels as 'beskamsum' en 'neitraapjen'. It bekritisearre duo riedsleden Bakker en Postma krige fan Agricola it lêste wurd yn de diskusje. Bakker beheinde him ta de konstatearring dat er it rapport 'voor kennisgeving aanneemt'. Postma kaam mei in folle wiidweidiger reaksje. Hy beskuldige it CDA fan 'in dûbele moraal'. "Ik bin altyd iepen, earlik en dúdlik. Dat is hoe't ik bin. Ik fyn it krekt ûnfatsoenlik om net de wierheid te sizzen. Ik lit my troch net ien de mûle snuorje, dan fergelykje se my mar mei Wilders, Johnson of Trump."
Boargemaster Agricola brocht de 'gedrachskoade foar riedsleden' ûnder de oandacht fan de riedsleden. Hy kundige oan dat de riedsleden meikoarten in útnûging ferwachtsje kinne om nochris oer dy gedrachskoade te praten. "Dy gedrachskoade hawwe we sels fêststeld en soks freget ûnderhâld."