Provinsje: gjin snelloket foar keunstprojekten

26 maaie 2020 - 20:54

Der komt gjin Frysk snelloket foar keunstners en keunstprojekten dy't rekke binne troch de coronakrisis, om dêr op in nije wize mei om te gean. Dat blykt út antwurden fan Deputearre Steaten op fragen fan de PvdA-fraksje.

Anne Zijlstra - Foto: PvdA Fryslân

Yn Amsterdam is sa'n snelloket der al. Dat like PvdA-steatelid Anne Zijlstra ek wol wat. De partij frege nei in Fryske fariant op it Amsterdamske idee. Doel wie om sadwaande profesjonele keunstners en amateurkeunstners de mooglikheid te bieden om mei keunst op de feroarjende mienskip yn te spyljen. Sa koe in nij en breder publyk berikt wurde, wie it idee.

Deputearre Steaten neamt it in moai inisjatyf, mar it is yn Fryslân net helber. Yn Amsterdam giet it om in lokaal inisjatyf. De PvdA woe it snelloket mooglik meitsje troch bygelyks it Iepen Mienskipfûns. De provinsje seit him te rjochtsjen op ynstellings dy't provinsjale subsydzje krije en ek is se yn petear mei gemeenten oer harren kulturele ynfrastruktuer.

(advertinsje)
(advertinsje)