Jesse Rozendal wurdt earste Fryske skiedsrjochter yn betelle fuotbal sûnt 2009

26 maaie 2020 - 20:37

Foar it earst sûnt it seizoen 2009/2010 is der aanst wer in Fryske skiedsrjochter aktyf yn it betelle fuotbal. De 26-jierrige Jesse Rozendal fan De Westereen makket de stap nei de heechste nivo's. Hy krige tiisdei berjocht fan de KNVB. "Dit is hiel ûnwerklik, hjir ha je trije jier lang alles foar dien en litten."

Skiedsrjochter Jesse Rozendal - Foto: www.orange-pictures.nl

Rozendal siet yn in talintetrajekt betelle fuotbal. Fan dy groep promovearje der trije, dy't takom seizoen yn it betelle fuotbal aktyf fluitsje meie. Rozendal is dêr dus ien fan. Njonken de Westereender promovearje ek fjouwer assistint-skiedsrjochters, ûnder wa Remco Miedema fan Drachten.

Rozendal krige in telefoantsje fan syn begelieder Danny Makkelie, dy't ek yn it proffuotbal fluitet. "Ik bin net sa gau ûnder de yndruk", seit Rozendal, "mar dit is wol hiel moai nijs."

Op syn minst ien jier

It ôfrûne seizoen fluite er al syn wedstriden yn de twadde en tredde difyzje, de heechste amateurnivo's. No mei er it op syn minst in jier sjen litte by de profs. Nei it kommende seizoen wurdt besjoen hoe't it gong en oft dat kontrakt ferlinge wurdt.

De lêste Fryske skiedsrjochter yn it betelle fuotbal wie Mario Diks. Hy fluite oant it seizoen 2009/2010 yn de earste difyzje. Krekt as Hessel Steegstra en Erwin Zeinstra makke hy dêrnei de stap nei it assistint-skiedsrjochterskap. Herman van Dijk wie de lêste Fryske skiedsrjochter yn de earedifyzje. Hy hold op yn 2003.

Jesse Rozendal

(advertinsje)
(advertinsje)