Boargemaster Buma slút wer wenning yn Ljouwert fanwegen himpkwekerij

Boargemaster Sybrand Buma hat tiisdei yn Ljouwert in wenning oan de Magnoliastraat sletten fanwegen in himpkwekerij. De wenning is trije moannen lang net tagonklik.
© Public Domain Pictures
De plysje trof op 10 april 235 himpplanten oan yn de wenning. Ek binne materialen fûn foar de produksje fan himp. De boargemaster hat it foech om wenningen te sluten as dêr softdrugs of guon foarwerpen of stoffen oantroffen wurde dy't bestimd binne foar himpkwekerijen. Dat stiet yn de Opiumwet.
Buma hat neffens de gemeente rekken hâlden mei de maatregels dy't jilde yn ferbân mei it coronafirus, mar it wie gjin reden om de wenning net te sluten.