Justysje wol tbs foar Hallumer dy't eigen hûs yn de fik stuts

26 maaie 2020 - 19:19

De man út Hallum (55) dy't yn desimber syn eigen hûs oan de Juffer Frederikstrjitte yn 'e brân stuts, wie neffens saakkundigen folslein ûntarekkenber. De offisier fan justysje easket tbs mei twangferpleging tsjin de man.

Foto: Srfotografie

De Hallumer hie in gerdyn yn syn eigen keuken yn 'e brân stutsen, nei eigen sizzen om't er in stim hearde dy't sei dat hy in gefaar foar himsels en syn omjouwing wie. Hy woe it tsjindiel bewize. Dat fûn de rjochter in frjemde beredenearring: "Dat is best lastig te begrijpen, dat je dat doet door iets in brand te steken."

Letter gong de man nei in freondinne dy't 400 meter fierderop wenne. Mei har woe er de buorren warskôgje. It hûs brânde folslein út en moast hielendal opnij opboud wurde. De wenningbouferiening wol de skea fan hast 135.000 euro op de fertochte ferhelje.

Groanyske psygoaze

Neffens saakkundigen siet de Hallumer yn in groanyske psygoaze, dy't triggere waard troch te min sliep. De man tinkt dat er logysk redenearret, mar dat syn omjouwing him net begrypt. Hy fûn ek dat de brânwacht te dreech wie mei it útmeitsjen fan de brân, wêrtroch't er al syn guod kwyt is.

De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
brân rjochtbank Hallum TBS
(advertinsje)
(advertinsje)