Doeksen set âlde boaten yn en krijt help fan oare rederij

Om de kommende wiken mear minsken nei Flylân en Skylge ferfiere te kinnen, set rederij Doeksen twa âlde boaten yn. De float wurdt tydlik útwreide mei de Ms Friesland I en de sleepboat Ms Holland IV PESK.
Regina Andrea fan rederij Partyvaart Neptunus © Doeksen
Dêr bliuwt it net by, want Doeksen kin ek de Regina Andrea fan rederij Partyvaart Neptunus út Harns ynsette om passazjiers fan en nei de eilannen te bringen. Yn totaal kinne mei de trije boaten 270 minsken de kear ferfierd wurde. "Daar gaan we aanstaande vrijdag, het pinksterweekend, mee beginnen", seit Paul Melles, direkteur fan Doeksen.
Troch mear boaten yn te setten, kin Doeksen ekstra ôffearten ynplanne. Dy ekstra ôffearten binne benammen foar passazjiers dy't al besteande boekingen ha, mar dy't troch de coronamaatregels net mei dy oarspronklike ôffeart mei kinne.
Paul Melles, direkteur fan rederij Doeksen