Brânfeiligens net garandearre by ien grut gebou yn Ljouwert

By ien bouwurk mei in wenfunksje yn Ljouwert is it oannimlik dat der by brân kâns is op in rappe útwreiding fia de gevel wêrtroch't feilich flechtsjen net garandearre is. Dat docht bliken út in brief fan de boargemaster en wethâlders fan Ljouwert oan de gemeenteried. Wethâlder Hein de Haan wol om privacy-oerwagings net sizze om watfoar gebou it krekt giet.
De Nijstêd yn Ljouwert fan de Nieuwe Pijp ôf sjoen © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It giet om in gebou mei in flier heger as 20 meter. De eigeners binne ynformearre. Sy ha ferskate maatregels troffen en in omjouwingsfergunning krigen foar it renovearjen fan de gevels, stiet yn de brief.

Undersyk nei brân yn Londen

Nei de brân yn de Grenfell Tower yn Londen hat de minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) de gemeenten frege om ûndersyk te dwaan nei brânfeiligens fan gevels fan hege gebouwen. De gemeente Ljouwert hat dat ûndersyk útfierd.
It ûndersyk rjochtet him op hege gebouwen mei minder selsredsume persoanen, sa as sikehûzen en soarchynstellings. Mar ek minder hege gebouwen wêryn't slept wurdt, sa as wengebouwen en hotels, binne yn it ûndersyk meinaam. By dizze gebouwen binne der by in brân de measte risiko's. Der is sjoen nei gevels mei net-stieneftige materialen, tapaste isolaasjematerialen, rútpartijen en flechtmooglikheden. De gevels binne op brânfeiligens beoardiele.

Oanpassings

Foar ien bouwurk mei in flierhichte fan 20 meter wie al in omjouwingfergunning ferliend om de bûtengevel opnij te isolearjen. By twa bouwurken yn dizze kategory gong it om de tapassing fan it materiaal yn de kopgevels yn kombinaasje mei in hiel beheind tal ruten. By ien bouwurk wie twivel oer de gevelôfwurking op in wichtige flechtrûte yn it treppehûs fan it pân. By twa oare pannen wurdt noch ûndersyk dien.
Yn de kategory gebouwen mei in flierhichte fan 13 meter wie by ien bouwurk ûndúdlikheid oer it materiaal yn de kopgevel, dat grinzet oan de flechtrûte foar in tal apparteminten. By dat bouwurk mei in wenfunksje foar soarch is in brânmeldynstallaasje mei folsleine bewaking makke.
De boargemaster en wethâlders skriuwe ta beslút yn har brief dat fierdere maatregels net nedich binne.