Fjoerstiennen oarsaak fan ferwûnings by swimmende bern yn Burgum

De trije bern dy't ferwûnings oprûn ha yn it wetter by Burgum, binne nei alle gedachten ferwûne rekke troch skerpe fjoerstiennen. Dat tinkt de gemeente Tytsjerksteradiel, nei twa dagen ûndersyk. Tiisdei hat de gemeente it wetter fuortpompe litten om te sjen wat der krekt yn it wetter lei.
De bern rekken op Himelfeartsdei ferwûne doe't se yn it wetter oan it boartsjen wiene. Doe wie dúdlik dat it om skerp guod gong, mar net wat dat skerpe guod krekt wie. "Earst wie it fermoeden dat it om glês gong", seit in foarljochtster fan de gemeente. "Dêr wiene ek wat spekulaasjes oer. Mar dat hat it net west."

Skrik wie grut

It komt dus troch fjoerstiennen. "Ast dy stiennen mei de hân fêstpakst, dan fernimst direkt dat der skerpe rantsjes oan sitte." De behearder fan it wetter kin net ferklearje hoe't dy fjoerstiennen yn it wetter telâne kaam binne. "It heart der net yn te lizzen yn alle gefallen. Goed dat it der no út is. Want de ferwûnings foelen al mei al ta, mar de skrik wie wol grut. Dus we ha it serieus naam."

Woansdei wer swimme

De gemeente begûn moandei al mei ûndersyk yn it wetter, mar doe wie noch net dúdlik wat it no krekt wie. Dêrom is it wetter der tiisdei hielendal út helle. Dat wetter giet der op it stuit wer yn, sadat it strantsje woansdei direkt iepen kin.
It strantsje bestiet noch net sa lang. It is der kaam op inisjatyf fan Doarpsbelang Burgum. De doarpsklup fynt it nuver dat soks no bart, no't it rekreaasjeplak krekt iepen is. Dêrfoar boarten bern ek al op dat plak en doe wie der neat te rêden.