Nije aksjes oankundige troch boa's

De fakbûnen foar boa's hawwe foar Pinkstermoandei nije aksjes oankundige. Se demonstrearren tiisdei al yn Ljouwert en oare plakken, omdat se ferdigeningsmiddels lykas in wapenstôk of pepperspray hawwe wolle foar harren eigen feiligens.
Nije aksjes oankundige troch boa's
Geweld tsjin bûtengewoan opspoaringsamtners nimt ta, en dêrtroch fielde boa's har net mear feilich. Ferantwurdlik minister Grapperhaus fynt dat allinne de plysje geweld brûke mei en dat boa's dêrom gjin wapens krije. Dy boa's lizze har dêr net bydel. By wize fan aksje op Pinkstermoandei skriuwe se gjin bekeuringen út. De fakbûnen tinke noch nei oer hurdere aksjes.
© Omrop Fryslân, Miranda Werkman