Ek spilers, stêf en direksje fan Cambuur leverje tydlik jild yn

De spilers fan de earste seleksje fan SC Cambuur, de technyske stêf fan de ploech en de direksje fan de Ljouwerters leverje tydlik in part fan harren lean yn. It beslút is unanym naam. Moandei namen de seleksje en de stêf fan SC Hearrenfean itselde beslút.
Cambuurstadion © Omrop Fryslân, Aise van Beets
"Het zegt veel dat de selectie unaniem en zonder enige discussie akkoord is gegaan met dit voorstel", seit finansjeel direkteur Gerald van den Belt. "In plaats van lijdzaam toekijken willen we allemaal onze solidariteit met de club, de supporters en de sponsoren tonen."
Oanfierder Erik Schouten: "We zitten in een enorme crisis en sluiten onze ogen zeker niet voor wat er in de wereld aan de hand is. Ook veel supporters en sponsoren hebben het zwaar en als spelersgroep willen we op deze manier laten zien dat we solidair zijn."
De tydlike leansferleging wie in advys fan de Federatie Betaald Voetbal Organisaties (FBO), de spilersfakbûnen VVCS en ProProf en de CBV (Coaches Betaald Voetbal).