Hiel Europa hat belangstelling foar Fryske corona-útfining

26 maaie 2020 - 14:14

In Frysk bedriuw hat in systeem ûntwikkele wêrtroch't besikers allinnich in gebou betrede kinne as se de hannen desynfektearre ha. Wa't de hannen net waskje wol, krijt gjin tagong. Fanút hiel Europa is der belangstelling foar it systeem.

It apparaat kin ek sjen oft ien wol of net in mûlkapke op hat. Neffens de direkteur fan it bedriuw dat it systeem ûntwikkele hat, kin it noch better wurde troch in ekstra kamera. As ien dan de hannen wasket, wurdt tagelyk de temperatuer opmetten. As dan in ferheging konstatearre wurdt, bliuwt de tagongspoarte op slot.

Op dit stuit is dat noch net tastien. Europeeske privacywetjouwing soe dan oanpast wurde moatte. It bedriuw ûnderhannelet dêroer mei it Ryk. "As Rutte eigeners fan restaurants tastimming jout om klanten te freegjen oft se koarts ha, jout er dêrmei eins ek tastimming om ditselde automatysk útfiere te litten."

It apparaat - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Privacyproblemen en 'een soort schijnveiligheid'

Tastimming krije foar dit systeem sil in hiele toer wurde, seit privacy-expert Cor Procee, dy't by it projekt belutsen is. "Je mag niet zomaar op de stoel gaan zitten van een huisarts."

"Bovendien biedt het een soort schijnveiligheid. De temperatuur zegt niks over het hebben van corona, veel patiënten hebben zelfs helemaal geen koorts gehad. Bovendien, als ik hard naar mijn werk fiets, heb ik ook een hoge lichaamstemperatuur."

De belangstelling foar it nije deteksjesysteem is grut, seit de direkteur. "Ziekenhuizen, winkels, festivals, noem maar op. Het voordeel is dat er geen mens hoeft bij te staan. Dan krijg je ook geen discussies".

(advertinsje)
(advertinsje)