Wetter boartersstrantsje Burgum fuortpompt foar ûndersyk

26 maaie 2020 - 13:54

De gemeente Tytsjerksteradiel lit tiisdei it wetter by it boartersstrantsje fan Burgum fuortpompe. Dat is needsaaklik om ûndersyk dwaan te kinnen. Ferline wike rekken trije bern ferwûne troch skerp guod dat dêr lei.

Foto: De Vries Media

Earder ûndersyk op moandei nei wat it wêze kinnen hat, hat neat opsmiten. Dêrom lit de gemeente it wetter no fuortpompe.

It strantsje bestiet noch net sa lang. It is der kaam op inisjatyf fan Doarpsbelang Burgum. De doarpsklup fynt it nuver dat soks no bart, no't it rekreaasjeplak krekt iepen is. Dêrfoar boarten bern ek al op dat plak en doe wie der neat te rêden.

Trefwurden: 
Burgum strantsje
(advertinsje)
(advertinsje)