Measte learkrêften binne net bliid mei folsleine iepenstelling skoallen

De measte learkrachten en oare meiwurkers op basisskoallen sjogge it net sitten dat de skoallen fan 8 juny ôf wer folslein iepengean. Underwiisbûn AOB hat in enkête holden dy't troch hast 8000 minsken ynfolle is en dêr komt dit byld út nei foaren.
© Omrop Fryslân
It giet om in lanlike enkête, mar hy is ek foar Noard-Nederlân fan tapassing, seit Marieke Homan. Sy is bestjoerder fan ûnderwiisfakbûn AOB foar it basisûnderwiis yn it Noarden.

Risikogroep

Benammen learkrêften út de risikogroep 60+ of dy't in partner hawwe dy't âlder is as 60 jier, doare it net oan om foar de klasse te stean, seit Homan. Dêr komt noch by dat der krapte is oan learkêften Dêrom wurdt it krapom alle klassen wer folslein op skoalle lesjaan te kinnen.

Hieltyd wer omskeakelje

De learkrêften hawwe de lêste tiid in protte omskeakelje moatten. Earst fan folslein op skoalle lesjaan nei thús bern oanstjoere en op ôfstân begeliede. Dêrnei diels wer op skoalle lesjaan mei heale klassen en no wer folslein op skoalle lesjaan yn coronasetting. Boppedat is it oer in pear wiken skoalfakânsje yn Noard-Nederlân en dêrom sizze in soad learkrêften: lit mar sitte.

Gjin aksjes

Der komme gjin aksjes. Underwiisfakbûn AOB hopet der yn goed petear mei it regear út te kommen.