'Cambuursupporter' krijt 100 oeren straf foar rellen nei blamaazje tsjin Dordrecht

In 43-jierrige 'Cambuursupporter' hat in wurkstraf krigen fan 100 oeren, foar syn oandiel yn supportersrellen dy't twa jier lyn ûntstiene nei in dramatysk ferlies tsjin Dordrecht.
Supporters fan Cambuur by de wedstriid tsjin Dordrecht © www.orange-pictures.nl
De Ljouwerters ferlearen op penaltys, neidat se de reguliere wedstriid al mei 4-1 ferlern hienen. Yn de earste wedstriid wûn Cambuur mei 4-1.
Nei de wedstriid smiet in groep Cambuursupporters stiennen nei plysjes op hynders. Dy lutsen har werom, en dêrnei hat de ME in sjarzje útfierd. De ME'ers waarden ek mei stiennen bekûgele.
De man dy't no feroardield is, hat tsjin de plysje sein dat er net belutsen wie by it geweld, mar saneamde 'spotters' fan de plysje hiene him herkend. Yn 2014 wie er ek al in kear feroardield foar supportersgeweld. As er opnij pakt wurdt, moat er de sel yn.