Liveblog | 26 maaie 2020

Coronanijs fan 26 maaie: gjin nije gefallen yn Fryslân, Cambuurspilers leverje lean yn

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 2 novimber 2020, 16:46
tiisdei 26 maaie 2020
23:16

Ein fan it liveblog

We binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan tiisdei 26 maaie. Dit wie it wichtichste nijs fan dizze dei:
Elkenien tank foar it folgjen!
22:45

Eastermar makket grut terras fan doarp

It doarp Eastermar sil fan 1 juny oant 1 septimber ien grut terras wurde. Der wurdt it doarsplein It Breed foar brûkt. Dat sil hielendal folstean mei terrassen, mar wol sadat minsken oardelmeter ôfstân hâlde kinne. De wurkgroep Simmerwille yn Eastermar wol op dizze wize soargje foar kompensaasje foar it gemis oan simmereveneminten en sosjale ynteraksje troch de coronakrisis.
20:19

Minister sjocht nei Prinsjesdag werom op de coronapakketten

Pas nei Prinsjesdag wol minister Wopke Hoekstra (Financiën) him dwaande hâlde mei de fraach hoe effektyf de stipepakketten binne foar bedriuwen dy't troffen wurde troch de coronakrisis. Dat sei hy tiisdei yn in debat mei de Twadde Keamer. "Mijn eerste neiging is om te denken dat de eerste klap een daalder waard is geweest", sei Hoekstra oer de earste stipemaatregels. Mar hy erkent dat it pakket hastich ta stân kaam, lykas neffens hem ek it twadde pakket.
19:05

Twadde Keamer akkoart oer skrassen ûntslachboete út stipepakket

De Twadde Keamer stipet it skrassen fan de ûntslachboete út it stipepakket foar bedriuwen dy't rekke binne troch de coronakrisis. Bedriuwen dy't de kommende moannen subsydzje krije foar it beteljen fan lean, krije dus gjin boete as se se wurknimmers ûntslaan. De opposysje en ek fakbûnen binne min te sprekken oer de maatregel fan it kabinet.
Twadde keamer © Shutterstock.com
17:46

Terrassen yn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân rommer

Ek yn de gemeentes Dantumadiel en Noardeast-Fryslân sille kommende moandei de terrassen wer iepen. Mar se mei tiidlik grutter wêze as earst. Horeka-ûndernimmers kinne in plan dêrfoar yntsjinje by de gemeentes. Der binne fansels spesjale regels foar. It útwreidzjen wurdt tastien oant 31 oktober fan dit jier.
16:51

Pinkstermoandei komme der op 'e nij aksjes fan boa's

Boa's sille op pinkstermoandei gjin boetes utdiele oan minsken. Dat is ien fan de nije aksjes dy't se hâlde op dy dei. De boa's demonstrearren tiisdei al yn Ljouwert en yn oare plakken, omdat se ferdigeningsmiddels lykas in wapenstôk of pepperspray hawwe wolle foar harren eigen feiligens. Dêr is in soad opskuor oer yn de coronakrisis.
Earder sei boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert al dat hy de winsken fan de boa's stipet.
© Omrop Fryslân, Miranda Werkman