Coronanijs fan 26 maaie: gjin nije gefallen yn Fryslân, Cambuurspilers leverje lean yn

26 maaie 2020 - 23:10

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer de coronakrisis.

  • Foar it earst sûnt it útbrekken fan it firus is der yn hiel Noard-Nederlân net ien posityf test op it firus;
  • Der komme nij aksjes fan boa's, boargemaster Buma stipet winsken fan harren;

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

23:16
Ein fan it liveblog

We binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan tiisdei 26 maaie. Dit wie it wichtichste nijs fan dizze dei:

  • Yn totaal binne der yn Fryslân 66 minsken stoarn oan it coronafirus;
  • Eastermar makket in grut terras fan it doarp dizze simmer;
  • De fuotballers fan Cambuur leverje lean yn om de klup te helpen yn de coronatiid.

Elkenien tank foar it folgjen!

22:45
Eastermar makket grut terras fan doarp

It doarp Eastermar sil fan 1 juny oant 1 septimber ien grut terras wurde. Der wurdt it doarsplein It Breed foar brûkt. Dat sil hielendal folstean mei terrassen, mar wol sadat minsken oardelmeter ôfstân hâlde kinne. De wurkgroep Simmerwille yn Eastermar wol op dizze wize soargje foar kompensaasje foar it gemis oan simmereveneminten en sosjale ynteraksje troch de coronakrisis.

20:19
Minister sjocht nei Prinsjesdag werom op de coronapakketten

Pas nei Prinsjesdag wol minister Wopke Hoekstra (Financiën) him dwaande hâlde mei de fraach hoe effektyf de stipepakketten binne foar bedriuwen dy't troffen wurde troch de coronakrisis. Dat sei hy tiisdei yn in debat mei de Twadde Keamer. "Mijn eerste neiging is om te denken dat de eerste klap een daalder waard is geweest", sei Hoekstra oer de earste stipemaatregels. Mar hy erkent dat it pakket hastich ta stân kaam, lykas neffens hem ek it twadde pakket.

19:05
Twadde Keamer akkoart oer skrassen ûntslachboete út stipepakket

De Twadde Keamer stipet it skrassen fan de ûntslachboete út it stipepakket foar bedriuwen dy't rekke binne troch de coronakrisis. Bedriuwen dy't de kommende moannen subsydzje krije foar it beteljen fan lean, krije dus gjin boete as se se wurknimmers ûntslaan. De opposysje en ek fakbûnen binne min te sprekken oer de maatregel fan it kabinet.

Twadde keamer - Foto: Shutterstock.com
17:46
Terrassen yn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân rommer

Ek yn de gemeentes Dantumadiel en Noardeast-Fryslân sille kommende moandei de terrassen wer iepen. Mar se mei tiidlik grutter wêze as earst. Horeka-ûndernimmers kinne in plan dêrfoar yntsjinje by de gemeentes. Der binne fansels spesjale regels foar. It útwreidzjen wurdt tastien oant 31 oktober fan dit jier.

16:51
Pinkstermoandei komme der op 'e nij aksjes fan boa's

Boa's sille op pinkstermoandei gjin boetes utdiele oan minsken. Dat is ien fan de nije aksjes dy't se hâlde op dy dei. De boa's demonstrearren tiisdei al yn Ljouwert en yn oare plakken, omdat se ferdigeningsmiddels lykas in wapenstôk of pepperspray hawwe wolle foar harren eigen feiligens. Dêr is in soad opskuor oer yn de coronakrisis.

Earder sei boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert al dat hy de winsken fan de boa's stipet.

Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman
16:19
Ek spilers Cambuur leverje yn troch coronakrisis

De spilers fan SC Hearrenfean diene it moandei al en no leverje ek de spilers fan SC Cambuur jild yn. Ek de stêf en direksje dogge dat. De Ljouwerter fuotbalklup hat it dreech troch de coronakrisis.

Oanfierder Erik Schouten: "We zitten in een enorme crisis en sluiten onze ogen zeker niet voor wat er in de wereld aan de hand is. Ook veel supporters en sponsoren hebben het zwaar en als spelersgroep willen we op deze manier laten zien dat we solidair zijn."

Cambuurstadion - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
15:42
Stipe fan Buma foar boa's

Boa's fierden hjoed aksje foar it gemeentehûs yn Ljouwert. omdat se mear middels ha wolle om harsels te ferdigenjen. Boargemaster Buma is it mei de boa's iens. Hy fynt dat plysjes net langer it geweldsmonopoly hawwe moatte. No is dat noch sa, en dêrtroch meie oare hanthavers gjin wapenstôk of pepperspray brûke. De risiko's wurde te grut, seit Buma.

Foto: Kappers Media
14:22
LC: 'Foar it earst sûnt de útbraak fan it firus gjin nije besmettingen yn Noard-Nederlân'

Yn hiel Noard-Nederlân is moandei net ien posityf test op it coronafirus. Dat meldt de Ljouwerter Krante. It is foar it earst sûnt 7 maart dat dat bart. Doe waard it firus foar it earst konstatearre yn Drinte. Yn Fryslân dûkte it firus in wike letter foar it earst op. Dat wie op 15 maart, op De Gordyk.

Foarige wike gong it oantal nije sikehûsopnamen foar it earst nei nul.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)