Provinsje lûkt subsydzje út foar lânboumasinen yn feangreidegebiet

25 maaie 2020 - 22:42

Leanbedriuwen dy't fêstige binne yn it Fryske feangreidegebiet kinne in subsydzje krije foar bepaalde masinen foar 'niet-kerende-grondbewerking'. Deputearre Douwe Hoogland hat dêr 100.000 euro foar beskikber steld. De provinsje wol dêrmei it brûken fan dy masinen yn it feangreidegebiet stimulearje.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Mei dizze masinen, lykas de saneamde 'strokenfrees', hoecht de boaiem nammentlik net keard te wurden en sa wurdt fean-oksidaasje ôfremme. By leanbedriuwen yn it feangreidegebiet is de 'strokenfrees' op it stuit noch net rom foar hannen.

Leanbedriuwen kinnen subsydzje oanfreegje foar oanskaf fan in 'strokenfrees', de apparatuer foar de presyzje-lânbou en ynstallaasje dêrfan. Mocht bliken dwaan dat it subsydzjeplafond net berikt is, wurde ek de oanfragen foar "volveldse frezen" behannele. De subsydzjeregeling giet iepen mei yngong fan 1 juny oant en mei 26 juny.

(advertinsje)
(advertinsje)