Tjeerd van der Zwan krijt blommen 'tasmiten' by werbeneaming as boargemaster Hearrenfean

25 maaie 2020 - 21:22

Tjeerd van der Zwan is moandeitejûn werbeneamd as boargemaster fan de gemeente Hearrenfean. Dat barde op oanpaste wize fanwegen de coronamaatregels. Van der Zwan siet yn in lege riedseal op 1,5 meter ôfstân fan de fraksjefoarsitter fan de PvdA, Wanda Ottens. Sy koe it boeket mei blommen net oerlangje dus mocht se it boeket nei Van der Zwan smite. De rest fan de gemeenteried koe de werbeneaming meikrije fia in fideoferbining.

Tjeerd van der Zwan - Foto: Omrop Fryslân

Van der Zwan wie fan 2007 oant en mei 2011 boargemaster fan Achtkarspelen en sûnt 2011 boargemaster fan It Hearrenfean.

"De heer Van der Zwan wordt als burgemeester gewaardeerd door inwoners: hij is zichtbaar, aanspreekbaar en toegankelijk. De uitstraling van de burgemeester naar buiten is plezierig", sei Wanda Ottens yn febrewaris, doe't Van der Zwan offisjeel foardroegen waard foar de werbeneaming.

(advertinsje)
(advertinsje)