Veilig Thuis Fryslân no ek berikber fia chat foar slachtoffers húslik geweld

25 maaie 2020 - 21:10

It is sûnt moandei mooglik om fia in chat kontakt op te nimmen mei Veilig Thuis Fryslân. Wethâlder Hilde Tjeerdema fan de gemeente Ljouwert iepene de chat tegearre mei chatmeiwurkster Tjitske de Jong. De chat is bedoeld foar slachtoffers of omstanners fan húslik of seksueel geweld of bernemishanneling, dy't net yn steat binne om te beljen.

Wethâlder Hilde Tjeerdema iepenet de chat - Foto: Veilig Thuis Fryslân

"Bellen kan soms lastig zijn als je te maken hebt met huiselijk geweld of kindermishandeling. Zeker in deze periode dat we meer met elkaar thuis zijn, willen wij een extra mogelijkheid bieden om contact op te nemen met Veilig Thuis. Vandaar dat wij het initiatief hebben genomen om ook via de chat bereikbaar te zijn", seit Debbie Maas, foarsittter fan it Landelijk Netwerk Veilig Thuis.

It chatgesprek is 100 persint anonym, dêrom kin der gjin offisjele melding dien wurde. "Daarvoor zijn meer gegevens nodig dan we via de chat uitwisselen. Tijdens het chatten zal Veilig Thuis - als dat gewenst is - helpen bij het formuleren van een melding waarbij acties om het geweld te stoppen altijd in afstemming worden gedaan."

De chat is op wurkdagen tusken 09.00 en 17.00 oere te berikken op veiligthuis.nl. It lanlike telefoannûmer 0800-2000 foar advys en meldingen is 24 oeren deis berikber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)