Digitale riedsgearkomste Opsterlân ôfsein fanwegen technyske steuring

25 maaie 2020 - 20:22

De digitale riedsgearkomste fan de gemeente Opsterlân gie moandeitejûn net troch fanwegen in technyske steuring. De gearkomste soe digitaal plakhawwe fanwegen de coronamaatregels.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Op it programma soene ûnder mear sinnepark Tolleane by Wynjewâld, de feroardening 'Maatschappelijke ondersteuning' en it gemeentlik Wettertakenprogramma 2020-2025 stean.

Wat de oarsaak fan de technyske steuring wie, is net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)