Plysje hâldt twa Ljouwerters op scooter oan op fertinking fan drugshannel

De plysje fan Ljouwert hat moandeitemoarn twa manlju op in scooter oanhâlden, omdat de plysje der fanút gie dat se belutsen wiene by drugshannel. It die bliken dat se 14 gram kokaïne en heroïne by har hiene en ek noch 11 xtc-pillen. De manlju, beide 21 jier âld, hiene ek in jildbedrach fan 2200 euro by har.
© Plysje
Beide manlju komme út Ljouwert, se binne fêstset foar fierder ûndersyk. By de oanhâlding die ek noch bliken dat de bestjoerder fan de scooter gjin rydbewiis hie. It wie al de fiifde kear dat er dêrop betrape waard. Dêr krige er in bekeuring foar, de scooter is yn beslach naam.