Noed oer dieltiidopliedingen by NHL Stenden yn coronatiid

25 maaie 2020 - 19:00

Guon flexopliedingen by NHL Stenden sille yn de takomst ûnder druk komme te stean. Dat is de ferwachting fan it bestjoer fan de Ljouwerter hegeskoalle. It giet dan benammen om dieltiidopliedingen op it mêd fan hoareka en oare sektoaren dy't troch corona yn finansjele problemen komme. Op dit stuit folgje goed 4.000 minsken in oplieding by NHL Stenden neist harren baan.

Noed oer dieltiidopliedingen by NHL Stenden yn coronatiid - twadde kear

"Omdat het zo'n grote groep is, maken we ons wel zorgen," seit bestjoerder Klaas Wybo van der Hoek. "Voor een aantal sectoren zal het deeltijdonderwijs groeien, omdat mensen moeten bijscholen, dus dat is een kans. Maar ook een aantal zullen krimpen. Studenten die hier komen doen dat met een afspraak met hun werkgever om de opleiding te volgen, maar in deze tijd zal dat voor de werkgever niet de hoogste voorrang zijn in deze tijd."

Oft it oantal fan 4.000 gelyk bliuwt, kin Van der Hoek net sizze. "Dat hangt er ook vanaf hoe lang dit nog duurt, sommige sectoren zullen krimpen." Hy tinkt dat der flinke ferskowingen plakfine sille. De grutste soargen bestean by de opliedingen op it mêd fan hoareka. Troch de coronakrisis driigje dêr banen en bedriuwen te ferdwinen en dat betsjut dat der yn de takomst noch minder studinten har oanmelde sille foar in dieltiidoplieding.

Klaas Wybo van der Hoek

De krisis hat ek no al gefolgen foar de opliedingen, sa fernimt dosint Ernst Jonker fan de Hotel Managementschool. "Sommige studenten met een baan in de horeca hebben nu geen werk, maar we zien ook dat bijvoorbeeld bij Van der Valk in Sneek de take-away zondagsbrunches beter lopen dan de oude situatie, dus daar is het nu drukker."

Foardiel fan de sitewaasje is neffens Jonker wol dat minsken dy't no sûnder wurk sitte wat rapper troch de stúdzje hinne kinne, wylst de minsken dy't it drok hawwe no mear punten binnenhelje op wurkûnderfining.

Ernst Jonker

(Advertinsje)
(Advertinsje)