Spannende dei foar Fryske Surinamer Autar: "Zou goed zijn als Bouterse wordt weggestemd"

25 maaie 2020 - 18:13

"Het zou goed zijn voor Suriname wanneer Desi Bouterse wordt weggestemd. Dat er mensen aan de macht komen met verstand van zaken." It binne de wurden fan âld-Steatelid Adiep Autar fan Ljouwert, dy't noch famylje yn Suriname hat. Hy sil de ferkiezingen yn it lân mei mear as gemiddelde belangstelling folgje dizze moandei.

Foto: ANP

Yn de peilingen liket it derop dat de striid yn Suriname giet tusken de NDP fan Desi Bouterse en opposysjepartij VHP. Autar hopet dat dy lêste de ferkiezingen wint. "Het gaat toch over ons land, het houdt je wel bezig. Normaal gesproken zouden we de uitslagen met een groepje wel volgen, maar door de coronamaatregelen zit dat er nu niet in."

'Hoop op opposysje'

Op dit stuit is de NDP van Desi Bouterse de grutste partij. De kâns liket lyts dat hy de winst hellet. Autar wol graach feroaringen sjen yn Suriname, en dus hopet hy op de opposysje. "In de peilingen staat de VHP er goed voor, de oppositie zou moeten kunnen winnen. Dat zou ook goed zijn voor Suriname. Maar het is wel spannend ja." Autar mocht sels net stimme, want hy mei gjin twadde nasjonaliteit ha. Syn mem, suster en sweager wenje yn Suriname, en ha wol stimd.

"Ik heb vandaag contact gehad met mijn zwager. Hij voelt de spanning. Hij zegt letterlijk: deze verkiezing gaat wel wat teweegbrengen. Je merkt dat de aanhang van Bouterse kleiner wordt. Hij denkt dat het een nek-aan-nekrace wordt, maar zijn inschatting is dat de oppositiepartij de grootste partij zal worden", seit Autar.

It wurdt ek neffens Autar yn alle gefallen in spannende jûn. "Het is moeilijk te voorspellen, ook omdat er een avondklok is vanwege het coronavirus. Ik denk dat de definitieve uitslag pas dinsdag in de loop van de dag komt, maar ik het blijf het vanavond volgen. Ik ga om half één naar bed, dan zal ik op een gegeven moment moeten opgeven", sa seit Autar.

Adiep Autar oer de ferkiezingen yn Suriname

(advertinsje)
(advertinsje)