Friezen wolle belutsen wurde by de oerstap nei skjinne enerzjy yn Fryslân

25 maaie 2020 - 17:54

Friezen wolle belutsen wurde by de oerstap nei skjinne enerzjy yn Fryslân. Dat docht bliken út ûndersyk fan de gemeenten, de provinsje, it Wetterskip en netbehearder Liander. Dy wurkje mei elkoar oan in plan om oer te gean fan fossile nei duorsume enerzjy. Se wolle dêr safolle mooglik minsken by belûke. Oan it ûndersyk ha goed trijetûzen minsken meiwurke. In mearderheid fielt him ferantwurdlik foar de oerstap fan fossile nei duorsume enerzjy en wol ek by de plannen dêrfoar belutsen wurde.

Griene enerzjy - Foto: Shutterstock.com

Fryske ynwenners wolle belutsen wêze by de oerstap nei skjinne enerzjy yn Fryslân. Mear as 90% fan de minsken follen dat yn op de fragelist kiesvoorjelte.nl. Yn totaal joegen 3061 minsken oan hoe't sy belutsen wurde wolle by de enerzjytransysje en wat se derfan witte. Fryske oerheden brûke de resultaten om ynwenners te belûken by it meitsjen fan de Regionale Enerzjy Strategy (RES). Hjiryn stiet ûnder oare hoe't Fryslân elektrisiteit opwekke wol út wyn- en sinne-enerzjy.

In treddepart is it (hielendal) iens mei de stelling 'ik ha noed oer de klimaatferoaring. In mearderheid (65%) fan de respondinten seit te witten wat de enerzjytransysje ynhâldt. 27% Is min of mear op 'e hichte. Dêrnjonken jout 61% oan him (hiel) ferantwurdlik te fielen foar de enerzjytransysje. It leverjen fan in bydrage oan de opwaarming fan de ierde is foar de dielnimmers in wichtige reden om enerzjy te besparjen. As wichtichste reden wurdt it ferleegjen fan de enerzjyrekken neamd. Taname fan it wenkomfort, de hegere wearde fan it hûs en de mooglikheid foar it subsydzje spylje ek in rol.

Belutsenheid

De measten wolle by it begjin fan it proses belutsen wêze; as der noch gjin plan is of sagau't der in útstel op 'e tafel leit. Hjirop wolle se dan graach ynhâldlik reagearje. Op de fraach 'Hoe wolsto belutsen wurde?' leit de foarkar by in fragelist of oare digitale mooglikheden, lykas in app of online platfoarm. Ek wurde byienkomsten wurdearre om mei elkoar yn petear te gean. It grutste part fan de ûnderfregen wol ynformearre en rieplachte wurde. In lytser diel wol meitinke, meidwaan of mebeslissen. De fragelist wie yn te foljen fan 16 april oant en mei 3 maaie.

Yn it lêste fearnsjier fan 2020 kinne ynwenners wer meitinke en -prate oer it elektrisiteitsfraachstik yn Fryslân. Fryske oerheden stelle de kommende moannen in partisipaasjeplan op. De resultaten fan de Jelte-fragelist binne derby in wichtige boustien.

RES

Foar de oergong nei mear skjinne enerzjy en minder CO-útstjit is it wichtich om mei-inoar op te arbeidzjen oer gemeentegrinzen hinne. Dêrom is Nederlân yndield yn tritich enerzjyregio's. Fryslân is dêr ien fan. Yn Fryslân wurkje de provinsje Fryslân, de achttjin Fryske gemeenten, Wetterskip Fryslân en netbehearder Liander gear oan de enerzjytransysje. Harren ôfspraken lizze se fêst yn in Regionale Enerzjy Strategy (RES). De RES wurdt 1 july 2021 ynlevere.

(advertinsje)
(advertinsje)