Hast alle oerpleatste ynwenners fan Snitser asylsikerssintrum wer werom

Frijwol alle ynwenners fan it asylsikerssintrum yn Snits binne wer werom. Se wiene de ôfrûne twa wiken yn karantêne yn in kazerne yn Zoutkamp nei in útbraak fan it coronafirus, mar dêr wie mar oant dizze moandei plak foar harren.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Yn totaal wiene 60 minsken oerpleatst nei it tydlike plak om sa fierdere fersprieding foar te kommen. Op seis nei binne se no allegear werom. Trije komme yn in letter stadium wer nei Snits. By harren is de besmetting koarter as twa wiken lyn. Sy sille dus noch efkes earne oars te plak moatte, dat bart op ferskate opfanglokaasjes yn Nederlân.
Trije oaren komme definityf net werom yn Snits om't se harren misdroegen hawwe yn Zoutkamp. It giet dan om it net opfolgjen fan de regels en om it yn gefaar bringen fan oaren.
Yn it sintrum yn Snits binne maatregels nommen om te soargjen dat bewenners inoar net besmette. "De bewoners letten er goed op," seit wurdfierder Jaqueline Engbers fan it COA.