Deputearre Douwe Hoogland: foarearst gjin ekstra jild foar BOA's yn natuergebieten

25 maaie 2020 - 17:02

Deputearre Douwe Hoogland ûntkent net dat it probleem bestiet; minsken dy't yn it briedseizoen de natuer fersteure. It tafersjoch op dy gebieten is yn hannen fan boskwachters en bysûndere opspoaringsamtners (BOA's). Mar neffens de SP sjit it tafersjoch yn Fryske natuergebieten tekoart, omdat de provinsje Fryslân dêr minder jild foar oer hat as guon oare provinsjes. Hoogland fynt dy konklúzje te koart troch de bocht. "Je kinne noait safolle BOA's ynsette dat je fersteuring foarkomme kinne. Betraapje moat 'op heterdaad'. Je moatte der wêze as it probleem der leit."

Douwe Hoogland - Foto: Omrop Fryslân

Yn Fryslân binne mei-inoar 15 BOA's beskikber foar tafersjoch yn alle natuergebieten. Fryslân jout neffens de gegevens fan de SP minder út oan tafersjoch as de lanlike noarm fan 17,39 euro de bunder. De SP fynt dêrom dat Hoogland op syk gean moat nei jild om it needsaaklike tafersjoch út te fieren. "Wy sille net eltse oertrêder betraapje kinne. Dêr binne gjin minsken foar."

De deputearre is wol ree om te ûndersykjen oft it tafersjoch ferbettere wurde kin, troch mear BOA's yn te setten op plakken dêr't him oertrêdings foardogge. Hoogland siket dy oplossing yn it foarste plak binnen it besteande budzjet en de BOA's dy't der no binne.

Better ynformaasje jaan

Hoogland wie koartlyn yn it Fochteloërfean yn Súdeast-Fryslân en hearde dat besikers dêr de natuer fersteure trochdat se te fier fan de trochgeande kuierrûtes it kwetsbere gebiet ynlutsen. "De druk nimt ta as de minsken har net oan de regels hâlde. Dêr moat ynformaasje oer jûn wurde, miskien kinne we dat wol better dwaan."

Hoogland seit fierder dat er 'bliid' is mei de steatefragen fan de SP en is noch dwaande om him te berieden op de definitive antwurden. Op dit stuit is hy lykwols noch net safier om de portemonnee te lûken foar mear BOA's yn natuergebieten. "It kloppet dat guon provinsjes mear jild oer ha foar hanthavening as wy, mar der binne ek dy't it krekt sa dogge as wy."

Douwe Hoogland

(advertinsje)
(advertinsje)