Be Quick Dokkum klear mei ferhúsplannen gemeente: "Er is geen draagvlak"

25 maaie 2020 - 16:54

Fuotbalferiening Be Quick Dokkum hat yn in brief oan alle partijen yn de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân syn beswieren kenber makke foar de werynrjochting fan it Hurddraverspark en it plan dan de sportferieningen te konsintrearjen op it Tolhuispark. De gemeente hat de ôfrûne perioade sjoen nei in oare ynfolling fan it Hurddraverspark yn Dokkum. De útkomsten fan dat ûndersyk wurde tongersdei presintearre.

Be Quick Dokkum - Foto: Streetview

It plan foar de werynrjochting fan it Hurddraverspark leit der al sûnt 2017. "Vervolgens hebben wij vele gesprekken gevoerd met de gemeente en zijn we tot de conclusie gekomen dat er geen draagvlak is. VV Dokkum en kaatsvereniging Oostergo willen gewoon graag blijven op het Hurddraverspark. Er is gewoon niet genoeg ruimte op het Tolhuispark om alle verenigingen daar te vestigen", seit foarsitter Kees Theissen fan Be Quick Dokkum.

Neffens Theissen wie it draachflak wol in betingst foar de werynrjochting. "Wij willen de politiek graag houden aan de afspraken die er eerder zijn gemaakt. En, dat verbaast mij in hoge mate, de partijen die een rol zouden moeten spelen in het hele proces, VV Dokkum, de kaatsvereniging en Be Quick zijn niet gekend in de plannen die donderdag gepresenteerd worden", seit Theissen.

Brief

Om dochs de gedachten en beswieren fan de klup kenber te meitsjen hat Be Quick dus in brief stjoerd. "Ik hoop dat de raad zich houdt aan de afspraken die er toen gemaakt zijn en beide belangen gaan afwegen. En niet een klap op het stuk voor aanstaande donderdag gaan geven, zonder dat er duidelijkheid is dat het andere verhaal is opgelost. VV Dokkum en de kaatsvereniging hebben altijd aangegeven dat de voorkeur ligt om op het Harddraverspark te blijven", sa seit Theissen.

Foarsitter Kees Theissen fan Be Quick Dokkum

(advertinsje)
(advertinsje)