Konkurrinsje foar Cambuur yn striid om Mühren: "Volendam zit op het vinkentouw"

"Het zijn cruciale posities, absoluut." Technysk manager Foeke Booy is dúdlik: Cambuur is drok dwaande mei in keeper en mei in spits. Fan de seleksje fan no lizze der achttjin spilers ek foar folgjend seizoen fêst, mar de 'kop en de staart' moatte noch ynfolle wurde. Binne Sonny Stevens en Robert Mühren hâldber? Yn de SportCast fan dizze wike fertelt Booy der wiidweidich oer.
De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle foargeande SportCasts werom te harkjen.

Stevens en Mühren

De fraach dy't by Cambuurfans op de lippen baarnt, is oft Robert Mühren bliuwt. De spits wurdt hierd fan it Belgyske Zulte Waregem en hat dêr noch in kontrakt foar in jier. Foeke Booy hat yntusken sprutsen mei de manager fan Mühren, mar: "Het is een wat complexer verhaal omdat Zulte daar ook een rol bij gaat spelen. Dat gaat alle kanten op en daar is bijna geen touw aan vast te komen, zo begrijp ik van zijn manager. Het gaat van links naar rechts en van voor naar achter."
Dêrnjonken is Cambuur net de iennige klup dy't Mühren takom seizoen hawwe wol. "Er zit een andere club op het vinkentouw, Volendam. Dat is heel logisch; hij komt daar vandaan. Maar hij wil graag met Cambuur door. En dat vind ik een heel goed signaal", sa seit Booy, dy't hopet dat er Mühren oertsjûgje kin. "Sportief heeft hij zijn plek weer gevonden bij ons. Hij kent de staf goed, wordt gewaardeerd en heeft een belangrijke rol in de groep." Booy is, nettsjinsteande de belangstelling fan de klup út syn wenplak hoopfol: "Robert wil graag bij Cambuur blijven."
© Omrop Fryslân
Stevens hat in ôfrinnend kontrakt, dat automatysk ferlinge wurde soe as de Ljouwerters promovearje soene. En dus moat Booy op 'e nij om tafel mei de doelman. "Sonny is nog niet zo uitgesproken als Robert. Ik denk wel dat hij graag wil blijven. We hebben contact met hem en zijn zaakwaarnemer. Zij gaan nog in gesprek. Daar krijg ik een terugkoppeling van en dan gaan we aan de slag. Ik hoop dat we hem erbij kunnen houden, maar het moet betaalbaar blijven."

Doelstelling

Om't in grut part fan de seleksje fêstleit, binne de ferwachtings by de bûtenwacht heech foar it folgjende seizoen. Booy giet dêr yn mei. Wêr't it ôfrûne seizoen plak ien oant en mei fiif de doelstelling wie, leit de latte foar takom seizoen heger. "We hebben dit seizoen structureel laten zien wat we in onze mars hebben. Onder voorbehoud dat we alles bij elkaar kunnen houden, is onze doelstelling promotie. Daar moeten we niet voor weg lopen."
De fraach is yn hoefier't de seleksje yntakt bliuwe kin. Neffens Booy is der noch gjin ynteresse foar spilers fan de Ljouwerters. "Als er iemand is, dan zou het met Jamie Jacobs kunnen gebeuren. Daarvan weet ik dat hij gevolgd wordt."
Robert Mühren nei wer in goal foar Cambuur © Orange Pictures

SportCast

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast alle moandeis by oer al it sportnijs, mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Geert van Tuinen.