Minimacamping drok dwaande foar iepening: troch corona is minder plak foar tinten

25 maaie 2020 - 16:35

Camping Polemonium yn de Grinzer Pein, flak oer de provinsjegrins by Surhústerfean, is drok dwaande mei de tariedingen foar kommende simmer. De camping is foar minsken mei in lytse beurs, sadat sy ek op fakânsje kinne. In protte Friezen helpe campingeigener Appie Wijma mei donaasjes.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

It sânpaad wurdt op it stuit betegele en it boarterstastel wurdt farve. "We gaan 3 juni open en dan moet het dus klaar zijn", seit Appie Wijma. Hy ferwachtet gasten út it hiele lân wei. "Ik ben al gebeld door mensen uit Zuthpen en Nijmegen, maar ik neem nog geen boekingen aan. Men kan zich inschrijven op 2 juni vanaf 's ochtends tien uur. Anders is het niet eerlijk en iedereen moet eenzelfde kans krijgen." Hy ferwachtet dan in soad drokte. "Dat wordt een heksenketel, ik zit vast in een keer vol. Ze zitten allemaal te wachten."

Minder tinten

Yn ferbân mei de corona is der no noch mar plak foar fjouwer tinten. "Het moet wel veilig zijn, voor de mensen, maar ook voor onze vrijwilligers. Die wilden allemaal dat we open zouden gaan." De measte frijwilligers wurkje achter de skermen. "Ze bakken pannenkoeken en smeren broodjes en komen niet bij de gasten, dat doe ik."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
(advertinsje)
(advertinsje)