Cambuur praat binnen in wike fierder mei KNVB en hâldt opsjes iepen

25 maaie 2020 - 18:19

Sportclub Cambuur hâldt alle opsjes noch iepen nei in petear mei it fuotbalbûn KNVB oer kompensaasje foar it missen fan promoasje nei de earedifyzje. Dat seit algemien direkteur Ard de Graaf. De klup siet moandeitemoarn tegearre mei De Graafschap mei de KNVB om 'e tafel.

Cambuurstadion - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

"Het was een constructief gesprek, waarin we onze standpunten goed kenbaar hebben kunnen maken", seit De Graaf. "De KNVB toonde hierbij ook zeker begrip en bereidwilligheid, maar uiteraard zal één en ander verder moeten worden uitgewerkt. Daar wachten we eerst op voordat we verdere uitspraken doen. En ondertussen houden we alle opties open." Cambuur en De Graafschap sille binnen in wike opnij om 'e tafel mei it fuotbalbûn.

2,5 miljoen euro

Cambuur en De Graafschap wiene beide goed ûnderweis nei promoasje nei de earedifyzje, doe't de kompetysje stillein waard fanwege de coronakrisis. De KNVB naam dêrnei it beslút dat der dit jier net promovearre of degradearre wurdt. Cambuur tinkt dat de klup dêrtroch op syn minst twa-en-in-heal miljoen euro misrint en wol dêr kompensaasje foar ha.

As Cambuur en De Graafschap gjin oerienstimming berikke oer finansjele kompensaasje, dan kinne beide klups noch yn berop tsjin de útspraak fan de rjochter. Ek kinne se op 18 juny mooglik noch besykje harren gelyk te heljen op in ledegearkomste fan de KNVB.

(advertinsje)
(advertinsje)