Trije Friezen op de ambassade yn Maly wurkje troch yn coronatiid

25 maaie 2020 - 15:07

Op de ambassade fan Maly is in bysûndere sitewaasje: yn de haadstêd Bamako binne mar leafst trije Friezen oan it wurk. De ambassadeur is Jolke Folkert Oppewal. Hy wurket mei noch twa Friezinnen, Marjan Schippers en Evelien Boersma, gewoan troch yn coronatiid. Der binne yn totaal fiif Nederlanners oan it wurk foar de ambassade yn Maly, de rest is nei hûs fanwege de coronakrisis.

Foto: Omrop Fryslan

De corona slacht noch net sa hiel hurd om him hinne yn it Afrikaanske lân, mar groeit wol stadichoan troch. Der binne in lytse 1000 posityf teste gefallen en tsientallen deadlike slachtoffers. Ambassadeur Oppewal hat gjin idee hoe't it him ûntwikkelje sil.

It wurk op de ambassade is der net rêstiger fan wurden. Der wurdt in hoop thúswurke. Dat wiene se al wat wend fanwegen de drege omstannichheden yn it lân. De fasiliteiten binne der goed op taret, dochs binne de trije Friezen ek noch geregeld op de ambassade oan it wurk, om de Malinezen sjen te litten dat se der foar harren binne.

In klap opfange is ien ding, mar as je al swak binne binne alle klappen grut.

Jolke Folkert Oppewal

Maly is ien fan de earmste lannen fan de wrâld. It hat lang ferskuord west troch boargeroarloggen. De minsken binne foarsichtich dwaande mei de opbou fan it lân. Corona sil foar it lân grutte ekonomyske gefolgen hawwe neffens de Fryske ambassadeur en syn meiwurkers. "In klap opfange is ien ding, mar as je al swak binne, binne alle klappen grut", seit de ambassadeur.

Dêrom fine de Fryske ambassademeiwurkers it fan grut belang dat de projekten safolle mooglik trochgean. Dat is lykwols dreech yn de coronatiid. It wie fanwege feiligens al yngewikkeld, mar no dus noch mear. Corona makket dan noch mear yndirekte slachtoffers. Ekonomyske slachtoffers dy't gjin lânbou mear útfiere kinne en itenshelp dat net mear komt. Alle flechten op it lân lizze stil.

De trije Friezen wurkje lykwols posityf troch. Dat se der as trije Friezen sitte, fine se wol noflik yn dizze gekke tiid. "It is toch aardich dat je deselde taal en mentaliteit hawwe."

Jolke Folkert Oppewal, Marjan Schippers en Evelien Boersma

(advertinsje)
(advertinsje)