Súdwest-Fryslân siket jeugd foar putsjetsjinst yn de gemeente

De gemeente Súdwest-Fryslân komt mei in putsjetsjinst foar jongeren dy't har ferfele. Jongeren kinne oan it wurk yn de grienfoarsjenning, lytse reparaasjes dwaan of smoargens op de dyk oprêde. De gemeente siket hûndert jongenen dy't oant septimber alle wiken in putsje dwaan wolle.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
As tsjinprestaasje krije se tegoedbonnen foar sport en kultuer, lykas as in workshop drumme, karate of streetdance. De oprjochting fan in putsjetsjinst foar jongeren is ûnderdiel fan it programma 'Cool Súdwest'. Dat hat as doel om jongeren sa gelokkich en sa sûn mooglik opgroeie te litten.