Minister wol gjin pepperspray foar boa's, aksje giet troch

Minister Grapperhaus fan Justysje en Feilichheid fynt it gjin goed idee om boa's pepperspray en in wapenstôk te jaan. "Het geweldsmonopolie moet alleen bij de politie blijven", seit de minister, nei oerlis mei de boargemasters fan it Feilichheidsberied.
© ANP
De minister is wol foarstanner fan bodycams foar de bysûndere opspoaringsambtners. Dy ha no noch net allegearre sa'n kamera. De boargemaster fan Smellingerlân sei earder dat er woe dat boa's yn syn gemeente ek sa'n kamera krije kinne, omdat it ôfskrikwekkend wêze soe.
De boa's hawwe der skjin har nocht fan dat se hanthavenje moatte, mar gjin middels hawwe om harsels te ferdigenjen. Dat fine se wol nedich, om't it geregeld foarkomt dat se yntimidearre of mishannele wurde. Dêrom fiere se tiisdei yn it hiele lân akjse, ûnder oare yn Ljouwert.
© ANP
Ferline wike barde dat noch yn IJmuiden, dêr't in boa nei it sikehûs moast neidat er mishannele wie troch jongeren dy't har net oan de coronamaatregels hâlden. It probleem spilet ek yn Fryslân, dat boa's hindere wurde by it útoefenjen fan har funksje.
"We zien dat het aantal geweldsincidenten in deze tijd van corona wel is toegenomen. Voorheen werden boa's ook al bespuugd, nu komt er hoesten bij, maar met dat besmettingsgevaar is er de kans dat je besmet raakt met corona. Het bespugen gebeurt nu vaker", seit Richard Gerrits, foarsitter fan it fakbûn BOA ACP.
Ofhinklik fan de gemeente hat in amtner in tal saken by him. "Bij de uitrusting kan zitten een steekwerend vest, handboeien, soms een bodycam, of pepperspray en wapenstok. Dat is ook afhankelijk van de taak die ze hebben. We zien in deze tijd dat ze op de noodverordening moeten handhaven en met name groepen in de leeftijd tussen 14 en 30 zijn recalcitrant, opstandig en een kort lontje. Er zijn helaas na IJmuiden meerdere incidenten geweest. Het houdt niet op."

Aksje

Mei de aksje wolle se in needsinjaal oan de minister jaan, dat se middels as pepperspray en wapenstôk, nedich fine om har wurk goed útfiere te kinnen. Gerrits: "Bij de actie laten we om 12.00 uur een statement voorlezen, het liefst door de burgemeester. We moeten met elkaar een vuist maken, dat is ook het logo, en de boa's eromheen staan op gepaste afstand en met de rechterhand maken ze een vuist op hun hart."
Nei 1 juny wurde der publyksfreonlike aksjes taret. "Dan gaan we meer toezicht houden en niet handhaven. Het leven van een boa is geen boete van een aantal euro's waard."
Richard Gerrits, foarsitter fan it fakbûn BOA ACP
Simmerdrokte op Himelfeartsdei yn Prinsetún Ljouwert © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De gemeente Ljouwert stipet de boa's by har aksje om bettere ferdigeningsmiddels te krijen om har wurk te dwaan. By de aksje biede de aksjefierders oan boargemaster Buma in petysje oan. Buma seit dat er de amtners stipet yn har winsk.