Fries om utens Ralph Bonnema: "Frânsen geane op kursus om it fytsen te learen"

25 maaie 2020 - 12:51

Fytsewinkels hjir ha it smoardrok, mar it is noch neat yn ferliking mei de fytsewinkels yn Frankryk. Dêr kinne se de fraach hast net oan. Fries om utens Ralph Bonnema is bedriuwslieder fan in fytswurkpleats yn Parys.

Foto: ANP

"It is hiel drok", seit Ralph Bonnema. Hy hat in wurkpleats dêr't er fytsen reparearret. Hoewol't Frankryk net in echt fytslân is, yn de grutte stêden lykas Parys fytse wol in soad minsken. "Mei de lockdown binne minsken bang om mei de metro, trein of tram te gean en ek it regear seit: pak de fyts." Hy fernimt dat mear minsken no fytse. "Gewoanwei binne we twa wiken folboekt mei reparaasjes, mar no binne we acht wiken fol pland. Ik ha net mear monteurs, in goede monteur is hjir lestich te finen."

It regear jout elke fytseigener boppedat 50 euro om de fyts op oarder te krijen en sa it fytsen te stimulearjen. "De helte fan in grutte strjitte yn Parys is ticht foar auto's en dat is no in fytspaad. Ek yn de bûtenwiken binne eardere busbanen no in fytspaad."

Dat smyt bytiden frappante tafrielen op. "Sjochts folwoeksenen dy't net fytse kinne. Der binne ek kursussen om it fytsen te learen. Dat is ek wol nedich, guon tinke dat de auto's wol stopje foar de fyts. It is net as yn Nederlân, datst in bepke fan tachtich op de fyts setst dy't sa fuortfytst." It wurdt dus drokker op de fytspaden. "Sjochst sa no en dan files op de fytspaden, dat binne we net wend."

It fytsen en de fytspaden binne sels ûnderwerp by de kommende ferkiezingen. "Alle kandidaten hawwe it deroer."

Ralph Bonnema yn Parys

(advertinsje)
(advertinsje)