Ek skoallemienskip Singelland past oergongsnoarmen foar learlingen oan

25 maaie 2020 - 12:31

Begjin juny sille de learlingen fan it fuortset ûnderwiis ek wer fysyk nei skoalle. Dan is it noch mar in pear wiken oant de simmerfakânsje begjint. De fraach tsjinnet him oan hoe't it aanst komt mei de oergongsnoarmen yn dizze tiden fan thúsûnderwiis. Is it wol earlik om learlingen sitte te litten? Skoallemienskip Singelland lit elkenien oergean, alteast: as der gjin grutte efterstannen binne.

Foto: Omrop Fryslân

Hast fjouwer op de tsien middelbere skoallen kieze der foar om learlingen net sitte te litten dit jier. Dat docht bliken út in enkête fan de Volkskrant, dy't 149 skoallen frege hat oft se it sitten bliuwe dit jier ôfskaffe. Gewoanwei jouwe rapportsifers oanlieding ta it beslút om in learling in jier oerdwaan te litten. No't learlingen al wiken lang gjin offisjele sifers mear krije, brûke skoallen oare wizen om te sjen oft in learling wol of net oergiet nei it folgjende jier. Yn dizze coronatiid krije mear learlingen it foardiel fan de twivel.

Net normaal

Ek op it Drachtster Lyceum wurde de oergangsnoarmen oanpast. "Het zou gek zijn om vast te houden aan de gangbare normen als de situatie niet normaal is", seit Audrie Nieborg, rektor op it Drachter Lyceum. "We hebben besloten om de overgangsnormen aan de kant te zetten en te kijken naar het belang van de leerlingen. We willen maatwerk leveren. Het hangt af per locatie hoe we dat aanpakken, maar we willen in overleg gaan met leerlingen en ouders om te bekijken wat de wensen zijn. Uiteindelijk beslist de overgangscommissie of een leerlingen overgaat of niet."

Gjin grutte efterstannen

Fandêr dat skoallemienskip Singgelland it belied hantearret dat alle learlingen yn prinsipe oergean. Nieborg: "'Iedereen gaat over tenzij...' Zo hebben we het geformuleerd. Per leerling hangt af wat die tenzij is, bijvoorbeeld grote achterstanden. Maar volgens mij valt het heel erg mee met de achterstanden. De behoefte om weer naar school te gaan, is er vooral om weer contact met elkaar te hebben, niet om achterstanden in te halen."

Kennis byspikerje

De skoallokaasjes fan Singellân hawwe allegear harren bêst dien om learlingen sa goed as mooglik thúsûnderwiis te jaan. "Je hebt als school best veel ruimte om aanpassingen in je programma te maken", leit de rektor út. "Daarbij moet je kijken wat er volgend jaar aan kennis nodig is. Dat kan betekenen dat sommige zaken moeten worden bijgespijkerd, maar dat kan in het gewone schooljaar plaatsvinden."

Coronaproof skoallokaasjes

Drok mei telefoantsjes of fragen fan heiten en memmen ha de skoallen it net. Op dit stuit binne alle lokaasjes benammen dwaande mei de tariedings op de earste skoalledei yn juny. Nieborg: "We zijn bezig met het coronaproof maken van onze gebouwen, waarbij we looprichtingen inrichten en overal handpompjes en doekjes hebben staan voor leerlingen en docenten. Ik heb er ontzettend veel zin in om iedereen straks weer te zien."

Lektor Audrie Nieborg

(advertinsje)
(advertinsje)