Bestjoerder komt mei de skrik frij neidat auto yn 'e brân fljocht

25 maaie 2020 - 11:07

In automobilist is sneintejûn mei de skrik frijkaam doe't syn auto ûnder it riden yn de brân fleach. Dat barde op de Lutkepost by Bûtenpost. De bestjoerder fan de auto koe krekt op 'e tiid út de wein komme nei't de motor yn syn auto yn flammen opgong.

Foto: De Vries Media

De brânwacht waard warskôge en wie rap oanwêzich mar koe net foarkomme dat de auto folslein útbaarnde. De dyk wie koarte tiid ticht fanwege it bysûndere ûngemak.

Trefwurden: 
Bûtenpost autobrân
(advertinsje)
(advertinsje)