Oargelist fan Frjentsjerter Martinitsjerke jout snein nei Omrop-tsjerketsjinst konsert

25 maaie 2020 - 10:51

Oargelist Jochem Schuurman bespilet alle sneinen by de tsjerketsjinsten it oargel fan de Martinitsjerke yn Frjentsjer. En dus ek by de tsjerketsjinsten dy't Omrop Fryslân sûnt it begjin fan de coronakrisis útstjoert.

Foto: Omrop Fryslân

Sûnt desimber 2017 is Jochem Schuurman de fêste oargelist fan de Martinitsjerke. "It is in geweldich oargel, de klank ynspirearret my hiel bot, de muzyk dy'tst derop spilest klinkt altyd hiel moai. Guon pipen fan it oargel binne al hiel âld, en komme sels noch út it eardere oargel út de achttjinde iuw. En de tsjerke hat in moaie akoestyk, it is in grutte lange tsjerke, dus de klank komt moai ta syn rjocht."

Gewoanwei is de oargelist net te sjen, mar no mei de tsjinsten op telefyzje is er yn byld. "Dat is wol oars ja. Gewoanwei sitte der goed 200 minsken yn tsjerke en dy sjonge ek allegear goed mei. No is de tsjerke leech, op in inkelde solist nei. Dat hat as foardiel datst dêrmei oefenje kinst en kinst ek wat ûnbekendere lieten bringe. Oars moatst rekken hâlde mei grutte groepen minsken, ek wat tempo oanbelanget, en dat hoecht no net. Mar ien persoan hat fansels wol in hiel oar effekt as dat 250 minsken sjonge, dat gedielte mis ik wol hiel bot."

Konsert

Kommende tsjinst wurket sopraan Tetsje van der Kooi mei en sil Schuurman oanslutend noch in konsert jaan. "Dat idee wie fan mysels, omdat der safolle reaksjes komme, net inkeld ynhâldlik op de preek, mar ek op it muzikale part. It like my moai om in konsert te dwaan nei de tsjinst foar de leafhawwers. Ik bin bliid dat ik oan de tsjinst meiwurkje kin en dat der safolle minken sjogge."

Foto: Omrop Fryslân

Oargelist Jochem Schuurman

(advertinsje)
(advertinsje)