Pontsje Vegelinsoard hat it drok: "Yn de 15 jier dat wy farre, ha wy net faak sa folle minsken hân"

25 maaie 2020 - 08:47

Sûnt woansdei fart it pontsje tusken Akkrum en Vegelinsoard wer. Skipper Froukje van Keimpema mei fanwege de coronamaatregels fjouwer minsken tagelyk meinimme nei de oare kant fan it wetter. Gewoanwei wiene dat der tolve. En dus wurdt der no ekstra faak hinne en wer fearn. Froukje: "Op Himelfeartsdei hiene wy in klapper, doe ha wy goed 250 minsken oerset. De pont hat tusken tsien oere moarns en seis oere middeis net stillein. Yn de 15 jier dat wy farre, ha wy net faak sa folle minsken hân."

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

De pont dy't fart tusken Akkrum en Vegelinsoard hat in lange histoarje. It pontsje stamt út de 17e iuw. Doe wie it benammen foar minsken dy't foar it wurk nei de oare kant fan it wetter moasten. Oant de jierren 70 wie it pontsje de rapste ferbining nei de oare kant. Yn 1972 wie er oan ferfanging ta, mar dat wie net rendabel. Doe is it pontsje út de feart naam. Mar sûnt 15 jier is it wer yn de feart, tsjintwurdich benammen bedoeld foar toeristen.

Skipper Froukje van Keimpema hat it mei moai waar smoardrok mei it hinne en wer farren fan fytsers en kuierders. Dêr kaam troch it coronafirus lykwols samar ynienen feroaring yn. It pontsje moast oan de wâl bliuwe. "Wolst net witte hoefolle minsken hjir op it hiem west hawwe mei de fraach wêrom't wy net farre. Wy ha de romte en kinne oardel meter ôfstân hâlde, mar dochs mocht it net."

Sûnt ferline wike woansdei is it pontsje wer iepen. Lange wachtrigen ha der net stien. "Wy binne 'vliegensvlug' hjirre", laket Froukje. "Om't wy rap hinne en wer binne, ha wy ek gjin wachttiden. Mar wêr't ik oars ien kear hinne en wer hoegde, moat ik no twa kear farre. Wy ha dus mear wurk."

Skipper Froukje fertelt oer it pontsje

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Oan de oare kant fan it wetter hat Froukje har eigen teeskinkerij Nije Skou. Ek dy is yntusken wer iepen. It terras is fuorthelle, hjir en dêr stean wat stuollen foar minsken dy't wachtsje op it pontsje. "Ik ha kofje, tee, selsmakke appeltaart, kwarktaart, wat tostys, iisko's en frisdrinken", somt Froukje har menukaart op. "Wy ha ek in wc foar manlju en froulju, dêr't minsken gebrûk fan meitsje kinne. Mar om ôfstân te bewarjen, ha wy de frouljus-wc ticht dien. Ek stiet der hângel om de hannen wer te ûntsmetten."

Dêr't minsken op it pontsje noch mei kontakt jild betelje kinne, wurdt der yn de teeskinkerij allinnich mar mei de pinpas betelle. En dy ynkomsten binne hurd nedich. Froukje: "Wy ha acht wiken stil stien, dus gjin ynkommen hân. Dat hellest net samar wer yn. Wy hoopje dêrom dat der dizze simmer in hiel soad fearn en fytst wurdt."

De teeskinkerij fan Froukje

(Advertinsje)
(Advertinsje)