Kollum: "Poepgate"

"Set in 'e' achter it wurd poepgat en hast yn ienen in stjonkend saakje te pakken: poepgate. Of better sein: wyldskiterij yn de boskjes by picknicktafels, jachthavens en swimplakken. De betiizjende regels oangeande it coronafirus oer it wol of net iepenstellen fan iepenbiere toiletten soargen de ôfrûne wiken foar in offisjele Fryske gate-situaasje.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Yn Amearika brûke se it wurd 'gate' foar saken dy't foar in soad opskuor soargje. Sa wie der yn 2004 de 'Nipplegate', wêrby't sjonger Justin Timberlake by de Super Bowl it boppestikje fan Janet Jackson los luts en har boarst te sjen wie op de Amerikaanske telefyzje. Elkenien yn Amearika hie it der smoardrok mei.
Noch sa'n situaasje dy't foar folop opskuor soarge, mar dan yn ús eigen lân: de Yuri-gate. Dat gong oer it fuortstjoeren fan turner Yuri van Gelder by de Olympyske Spelen yn 2016. De turner gong in jûntsje op stap yn Rio en waard dêrnei resolút fuortstjoerd. It wie it petear fan de dei by alle kofjeautomaten yn Nederlân.
En no ha wy dus in Fryske gate: de 'poepgate', dy't ús ferline wike massaal yn de besnijing hold. Dat begong mei it boadskip fan de Feilichheidsregio Fryslân dat iepenbiere wc's wer iepen mochten. Kempingeigeners wiene optein mei dit nijs, want no koenen de gasten lang om let wer poepe en dûse yn it sanitêrgebou. Mar nee. Iepenbiere wc's mochten wol fan it slot, mar wc's op kempings net. In beslút dat foar folop betizing soarge.
Boargemaster Sybrand Buma, haad fan de Feilichheidsregio Fryslân, besocht ferline wike moandei út te lizzen wêrom't wc's wol wer iepen mochten foar deirekreanten, mar net foar fêste gasten. It hie te krijen mei it feit dat der omraak wyldskiten waard yn Fryslân. Minsken dy't in dei te farren of te fytsen wienen en hege need hienen, sochten in plakje op yn de boskjes om harren keuteltsje te draaien. En jou se ris ûngelyk.
Om dy wyldskiterij tsjin te gean, hie de Feilichheidsregio it beslút naam om dêrom de iepenbiere wc's wer iepen te dwaan. Mar dat jildt dus net foar de sanitêrgebouwen op bygelyks kempings. Fêste gasten moatte har noch altyd rêde mei in gat yn de grûn, in pisamer of in eigen porta potti. Of se draaie in droltsje yn de boskjes achter harren fouwein, dat kin fansels ek.
Ik hear nammenlik hieltyd mear positive ferhalen oer wyldskiten. It is hearlik ûntspannen, sa yn de natoer. Back to basic yn dizze tiden fan stress en soargen. En poepe yn de frisse bûtenloft rûkt yn alle gefallen tsien kear better as poepe yn sa'n lyts benaud hokje, dêr't krekt foar dy ek ien sitten hat te moster meitsjen.
Ik moat earlik tajaan dat ik it sels ek wolris dien ha. Op de Zwarte Cross yn 2007 ha ik in wykein lang wyldskiten yn in stik maislân. It reinde wol sa allermachtichste hurd dat wykein dat it festivalterrein feroare wie yn ien grut moeras. Ek de wc's seagen der net út en stonken in oere yn de wyn. Wy hienen gelokkich ús eigen skytpapier mei en ha net lang twivele. Dan mar wyldskite yn it lân. En ik moat sizze: it wie noch wol noflik ek.
Dus minsken yn Fryslân. Lit jim net op 'e kop skite troch Sybrand Buma. Gean der lekker op út, sykje in moai plakje út en skyt al dy coronafrustraasjes fan dy ôf. Dat is mýn grutte boadskip."