Fytsefabrikant Accell Group: "Het coronavirus heeft de fiets wereldwijd op de agenda gezet"

Fryske fytsesaken ha it smoardrok mei de ferkeap fan elektryske fytsen en racefytsen. Troch de útbraak fan it coronafirus ha minsken mear frije tiid en gean fakânsjes yn it bûtenlân net troch. De fytseferkeap profitearret dêr fan, lykas de Accell Group op It Hearrenfean. Topman Ton Anbeek: "Het coronavirus heeft de fiets wereldwijd op de agenda gezet."
© Omrop Fryslân
Fytsefabrikant Accell Group op It Hearrenfean hat it smoardrok mei de oanfragen nei fytsen fan fytsewinkels. Anbeek: "De verkoopcijfers trekken enorm aan. In alle landen is een enorme vraag, niet alleen in Nederland. Ook de verwachting dat mensen in eigen land de vakantie moeten doorbrengen, helpt hierbij. Toch verwachten we een lagere omzet dit jaar, omdat we de afgelopen maanden de productie flink moesten afschalen."

Ofskale fan de produksje

Grutste probleem is de oanfier fan frames út China, dy't op It Hearrenfean brûkt wurde. Anbeek: "We hebben al sinds het Chinese nieuwjaar problemen met de aanvoer van frames. Toen ging China op slot, waarmee de toevoer van frames stokte. Daarom zijn we afgeschaald in productiecapaciteit. Het goede nieuws is dat we inmiddels weer op 60 procent van de productiecapaciteit zitten. Maar ik verwacht niet dat we voor het nieuwe jaar weer op 100 procent zitten."

Nije bakfyts

It ôfskalen fan de produksje betsjutte ek dat de Accell Group ôfskied nimme moast fan in oantal fleksibele meiwurkers. Dochs kinne in oantal fan har wer oan de slach yn it fabryk. "We starten deze week ook met de productie van een nieuwe bakfiets", fertelt de topman. "We verwachten dat de bakfietsenproductie weer werk biedt voor twintig tot dertig mensen."

Tariede op de takomst

Anbeek sjocht de takomst dan ek posityf yn. "Tegelijkertijd houden we er wel rekening mee dat het virus in het najaar terug kan komen. Qua voorraden moeten we ons daar goed op voorbereiden door te zorgen dat we dan de benodigde onderdelen hebben, zodat we door kunnen met de productie."
Topman Ton Anbeek