Liveblog | 25 maaie 2020

Coronanijs fan 25 maaie: Ien nij stjergefal, steuring by digitale riedsgearkomste Opsterlân

Yn dit liveblog melde wy al it nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 2 novimber 2020, 16:45
moandei 25 maaie 2020
23:00

Ein fan dit liveblog

We binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan moandei 25 maaie. Dit wie it wichtichste nijs fan dizze dei:
Elkenien tank foar it folgjen!
21:24

Tjeerd van der Zwan werbeneamd

Tjeerd van der Zwan is moandeitejûn werbeneamd as boargemaster fan de gemeente Hearrenfean. Dat barde op oanpaste wize fanwegen de coronamaatregels. Van der Zwan siet yn in lege riedseal op 1,5 meter ôfstân fan de fraksjefoarsitter fan de PvdA, Wanda Ottens. Sy koe it boeket mei blommen net oerlangje dus mocht se it boeket nei Van der Zwan smite. De rest fan de gemeenteried koe de werbeneaming meikrije fia in fideoferbining.
Tjeerd van der Zwan © Omrop Fryslân
20:01

Riedsgearkomste Opsterlân giet net troch

De digitale riedsgearkomste fan de gemeente Opsterlân giet moandeitejûn net troch fanwegen in technyske steuring. De gearkomste soe digitaal plakhawwe fanwegen de coronamaatregels.
19:28

Fideodeiboek fan boskwachter Anke Bruin

Boskwachter Anke Bruin sjocht dat it hieltyd drokker wurdt op Flylân. Yn har vlog nimt se ús nei Kroon's Polders. In plak op it eilân dêr'tst net samar komme meist.
Mear vlogs fan Anke Bruin en de oare vloggers fan de rige 'Berjochten út it hert' sjen? Dat kin fia dizze dossierside.
Anke Bruin
18:24

Bern op Dockingakolleezje net dupe wurde litte fan coronatiid

Middelbere skoallen binne dit jier soepeler mei it wol of net oergean litten fan learlingen. Op it Dockingakolleezje yn Dokkum fine se dat bern net de dupe wurde meie fan dizze coronatiden, dêrom sille se ek dêr 'ruimhartig' omgean mei de oergongsnoarmen.
Op alle trije lokaasjes fan it Dockingakolleezje kinne nije wike de learlingen wer fysyk nei skoalle. Dan is it noch mar in pear wiken oant it simmerfakânsje is. Nei dizze perioade fan thúsûnderwiis wurdt soepeler omgien mei de oergongsregels.
Dosinten konstatearje dat der ek in groep learlingen is dy't it krekt better docht ûnder corona-omstannichheden.
FIDEO: Dockinga twadde kear
17:47

Hast alle oerpleatste ynwenners fan Snitser asylsikerssintrum wer werom

Frijwol alle ynwenners fan it asylsikerssintrum yn Snits binne wer werom. Se wiene de ôfrûne twa wiken yn karantêne yn in kazerne yn Zoutkamp nei in útbraak fan it coronafirus, mar dêr wie mar oant dizze moandei plak foar harren.
Yn totaal wiene 60 minsken oerpleatst nei it tydlike plak om sa fierdere fersprieding foar te kommen. Op seis nei binne se no allegear werom. Trije komme yn in letter stadium wer nei Snits. By harren is de besmetting koarter as twa wiken lyn. Sy sille dus noch efkes earne oars te plak moatte, dat bart op ferskate opfanglokaasjes yn Nederlân.