Coronanijs fan 25 maaie: Ien nij stjergefal, steuring by digitale riedsgearkomste Opsterlân

25 maaie 2020 - 23:00

Yn dit liveblog melde wy al it nijs om it coronafirus hinne:

  • Der binne 66 minsken yn Fryslân stoarn, it tal besmettings stiet op 585;
  • Nei goed twa moannen ticht west te hawwen, meie ferpleechhûzen hjoed wer iepen. Mar net alle ynstellingen yn Fryslân binne dêr klear foar;
  • We binne mei ús allen troch it each fan de nulle krûpt, seit ic-baas Peter van der Voort fan it UMCG.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

23:00
Ein fan dit liveblog

We binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan moandei 25 maaie. Dit wie it wichtichste nijs fan dizze dei:

  • Der binne 66 minsken yn Fryslân stoarn, it tal besmettings stiet op 585;
  • It tal Nederlânske coronapasjinten dat behannele wurdt op in intensive care, is net daald of stiigd. It binne der 223, likefolle as in dei earder;
  • Frijwol alle ynwenners fan it asylsikerssintrum yn Snits binne wer werom. Se wiene de ôfrûne twa wiken yn karantêne nei in útbraak fan it coronafirus;
  • Digitale riedsgearkomste Opsterlân ôfsein fanwegen technyske steuring.

Elkenien tank foar it folgjen!

21:24
Tjeerd van der Zwan werbeneamd

Tjeerd van der Zwan is moandeitejûn werbeneamd as boargemaster fan de gemeente Hearrenfean. Dat barde op oanpaste wize fanwegen de coronamaatregels. Van der Zwan siet yn in lege riedseal op 1,5 meter ôfstân fan de fraksjefoarsitter fan de PvdA, Wanda Ottens. Sy koe it boeket mei blommen net oerlangje dus mocht se it boeket nei Van der Zwan smite. De rest fan de gemeenteried koe de werbeneaming meikrije fia in fideoferbining.

Tjeerd van der Zwan - Foto: Omrop Fryslân
20:01
Riedsgearkomste Opsterlân giet net troch

De digitale riedsgearkomste fan de gemeente Opsterlân giet moandeitejûn net troch fanwegen in technyske steuring. De gearkomste soe digitaal plakhawwe fanwegen de coronamaatregels.

19:28
Fideodeiboek fan boskwachter Anke Bruin

Boskwachter Anke Bruin sjocht dat it hieltyd drokker wurdt op Flylân. Yn har vlog nimt se ús nei Kroon's Polders. In plak op it eilân dêr'tst net samar komme meist.

Mear vlogs fan Anke Bruin en de oare vloggers fan de rige 'Berjochten út it hert' sjen? Dat kin fia dizze dossierside.

18:24
Bern op Dockingakolleezje net dupe wurde litte fan coronatiid

Middelbere skoallen binne dit jier soepeler mei it wol of net oergean litten fan learlingen. Op it Dockingakolleezje yn Dokkum fine se dat bern net de dupe wurde meie fan dizze coronatiden, dêrom sille se ek dêr 'ruimhartig' omgean mei de oergongsnoarmen.

Op alle trije lokaasjes fan it Dockingakolleezje kinne nije wike de learlingen wer fysyk nei skoalle. Dan is it noch mar in pear wiken oant it simmerfakânsje is. Nei dizze perioade fan thúsûnderwiis wurdt soepeler omgien mei de oergongsregels.

Dosinten konstatearje dat der ek in groep learlingen is dy't it krekt better docht ûnder corona-omstannichheden.

17:47
Hast alle oerpleatste ynwenners fan Snitser asylsikerssintrum wer werom

Frijwol alle ynwenners fan it asylsikerssintrum yn Snits binne wer werom. Se wiene de ôfrûne twa wiken yn karantêne yn in kazerne yn Zoutkamp nei in útbraak fan it coronafirus, mar dêr wie mar oant dizze moandei plak foar harren.

Yn totaal wiene 60 minsken oerpleatst nei it tydlike plak om sa fierdere fersprieding foar te kommen. Op seis nei binne se no allegear werom. Trije komme yn in letter stadium wer nei Snits. By harren is de besmetting koarter as twa wiken lyn. Sy sille dus noch efkes earne oars te plak moatte, dat bart op ferskate opfanglokaasjes yn Nederlân.

16:57
Minimacamping drok dwaande foar iepening
Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Camping Polemonium yn de Grinzer Pein, flak oer de provinsjegrins by Surhústerfean, is drok dwaande mei de tariedingen foar kommende simmer. De camping is foar minsken mei in lytse beurs, sadat sy ek op fakânsje kinne. In protte Friezen helpe campingeigener Appie Wijma mei donaasjes.

16:07
Tal coronapasjinten op de ic gelyk bleaun

It tal Nederlânske coronapasjinten dat behannele wurdt op in intensive care, is net daald of stiigd. It binne der 223, likefolle as op snein, sa seit it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS). Der lizze 222 pasjinten yn Nederlân en ien yn Dútslân, lykas op snein. Ferpleech-ôfdielingen fan sikehuzen behannele 756 coronapasjinten, 26 mear as op snein.

Op intensivecare-ôfdielingen lizze 492 pasjinten mei oare oandwaningen as it coronafirus.

15:51
Spilers SC Hearrenfean akkoart oer tydlike salarisferleging

De fuotballers fan SC Hearrenfean binne akkoart oer in tydlike salarisferleging fanwegen de coronakrisis. De technyske stêf en it managementteam fan de Fryske klup binne solidêr en sille ek ynleverje.

"Ik ben zeer verheugd dat we dit nieuws kunnen melden", seit algemien directeur Cees Roozemond. "Alleen samen komen we door deze crisis. Dat begrijpt onze spelersgroep gelukkig heel goed. Een prachtig gebaar van de selectie en alle collega's die hun steentje bijdragen door in te leveren voor het grotere goed. Dit sterkt ons in de overtuiging dat we ons door deze crisis heen kunnen slaan."

15:24
Trije Friezen op de ambassade yn Maly wurkje troch yn coronatiid
Foto: Omrop Fryslan

Op de ambassade fan Maly is in bysûndere sitewaasje: yn de haadstêd Bamako binne mar leafst trije Friezen oan it wurk. De ambassadeur is Jolke Folkert Oppewal. Hy wurket mei noch twa Friezinnen, Marjan Schippers en Evelien Boersma, gewoan troch yn coronatiid. Der binne yn totaal noch fiif Nederlanners oan it wurk foar de ambassade yn Maly, de rest is nei hûs fanwege de coronakrisis.

De corona slacht noch net sa hiel hurd om him hinne yn it Afrikaanske lân, mar groeit wol stadichoan troch. Der binne in lytse 1000 posityf teste gefallen en tsientallen deadlike slachtoffers. Ambassadeur Oppewal hat gjin idee hoe't it him ûntwikkelje sil.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)