Toerismesaakkundige: "Nei de krisis lizze der folop kânsen foar Fryslân"

"Nei de krisis lizze der folop kânsen foar de toerisme- en rekreaasjesketor yn Fryslân." Dat ferwachtet toerismesaakkundige Albert Postma, lektor by NHL Stenden. Minsken soene har dit jier wolris rjochtsje kinne op de eigen regio. Dat betsjut mear boatsje- en campingfakânsjes.
Dr. Albert Postma © Omrop Fryslân, René Koster
Postma is belutsen by it European Tourism Futures Intstitute, dat him dwaande hâldt mei it ûntwikkeljen fan takomstsenario's foar it toerisme. Dy senario's bringe nasjonale en ynternasjonale ûntwikkelings yn byld en biede ûndernimmers en oerheden in basis om beslissingen oer ynvestearringen te nimmen.

Al sjoen nei eventuele pandemy

It ynstitút die dat altyd al, ek foar de krisis. Doe ha se bygelyks sjoen nei de gefaren fan 'oertoerisme' en de gefolgen fan fergrizing ûnder boatsjeminsken. Ek doe al waard njonken de mooglike senario's wiisd op 'disruptions': ûnferwachte foarfallen dy't yn ien klap alles feroarje. As foarbyld waard ek doe al in mooglike pandemy neamd, mar bygelyks ek terroristyske oanslaggen.
By it begjin fan de coronapandemy is Postma mei oare eksperts fan hegeskoallen fuort begûn mei it sammeljen fan ynformaasje út binnen- en bûtenlân. Der spylje neffens Postma twa grutte ûnwissichheden: hoe lang duorret it noch? En: hoe stelt de konsumint him nei de krisis op? Wol dy gau werom nei sa't it wie, of past er syn gedrach oan?

Kânsen foar Fryslân

Fan de sketste senario's liket dy fan it 'ferantwurde toerisme' it meast logysk. Dit model giet út fan groei fan duorsum toerisme, dat him mear yn de eigen regio ôfspilet. Dat jout goede mooglikheden foar boatsje- en campingfakânsjes, ferwachtet Postma. "Yn kombinaasje mei regionale streekprodukten betsjut dat groeikânsen foar it toerisme yn Fryslân, om't men ek de massa ûntwike wol. Fryslân kin dy rêst en romte biede."
Postma warskôget wol dat de senario's gjin foarsizzingen binne.
Lektor Albert Postma oer de takomst fan it toerisme