Auto giet yn flammen op by treinstasjon fan Grou

24 maaie 2020 - 21:11

Op it parkearplak by it treinstasjon fan Grou is in auto yn flammen opgong. Doe't de brânwacht oankaam, sloegen de flammen al út de wein.

Foto: De Vries Media

By it útmeitsjen fan de brân kaam in protte reek frij. It duorre net lang foardat de brânwacht de situaasje ûnder kontrôle hie. Hoe't de brân ûntstien is, is net dúdlik. Foar safier bekend binne der gjin ferwûnen.

It is net de earste autobrân dizze snein. Earder op de dei brânde al in auto yn Dronryp út.

Trefwurden: 
brân Grou autobrân
(advertinsje)
(advertinsje)