Drachtster (26) oanholden foar ynbraak yn boathûs Jirnsum

24 maaie 2020 - 20:03

De plysje hat snein in 26-jierrige Drachtster oanholden. Hy wurdt derfan fertocht dat er ynbrutsen hat yn in boathûs oan It String yn Jirnsum.

Boathûzen oan It String yn Jirnsum - Foto: Google Street View

De plysje krige moarns betiid in melding fan de ynbraak. Op dat stuit wie de ynbrekker noch yn it boathûs. It plak waard yn de gaten holden, en doe't in auto fan it terrein ride woe, hold de plysje dy tsjin. De plysje fûn ek guod dat fan de boaten yn dat boathûs ôfkomstich wie.

De Drachtster fertochte sit fêst en it ûndersyk rint noch.

(advertinsje)
(advertinsje)