Fytsen binne net oan te slepen, wol ferskil tusken stêd en plattelân

24 maaie 2020 - 19:11

Mei moai waar is it net allinnich drok op it wetter, mar ek op de fytspaden. De fytsferkeap is in sektor dy't profitearret fan it coronafirus. Benammen sportfytsen en elektryske fytsen fleane de doar út.

"It is neat oan te slepen", seit Sierd Zandberg fan Joop Zandberg Rijwielen út Grou. "It is hiel bot oanpoatsjen foar ús, mar dat is in lúkseprobleem. Yn de maitiid is it altyd al wat drokker, want minsken wolle dizze tiid fan it jier graach fytse. En no sitte ek noch in soad minsken thús fanwegen de coronaperikelen."

Dat is ek de ferklearring fan Martin de Raadt fan Fietsspecialist Meindert yn Ljouwert. "Mensen willen toch bewegen en naar buiten. Voetbal, tennis en hockey: het ligt allemaal stil. Dus dan zoeken mensen hun uitvlucht in het fietsen. Dat zie je op de weg ook, het is drukker."

Ferskil tusken stêd en plattelân

By De Raadt wurde noch altyd mear gewoane fytsen ferkocht as elektryske. Neffens him is dat bûten de stêd oars. "Op het platteland gaan de elektrische fietsen juist harder. Dat komt ook doordat daar forenzen zitten." Zandberg: "En as it de hiele tiid sa hurd waait, dan is sa'n elektryske fyts ek wol noflik. Sân op de tsien fytsen dy't wy ferkeapje binne elektryske fytsen."

Net allinnich posityf

Dochs is it net allinnich mar posityf. "Oars ferhierden we ek wol fytsen oan groepen, dy't hjir bygelyks yn de jeugdherberch sitte", seit Zandberg. "Dat wurdt no allegear ôfsein, dus dat rinne we mis." En mei de levering rint it ek net altyd like maklik. De Raadt: "De racefietsen raken nu bijvoorbeeld uitverkocht bij de fabrikanten, dus er komen leveringsproblemen. De frames komen allemaal uit Taiwan en China. Daar ligt alles stil, dus dan loopt het vast. We moeten nu soms 'nee' verkopen, omdat het er gewoon niet is."

(advertinsje)
(advertinsje)