Plysje hâldt yn Ljouwert twa ynbrekkers oan en nimt drugs yn beslach

24 maaie 2020 - 18:57

De plysje fan Ljouwert hat twa manlju oanholden dy't besochten yn te brekken oan de Grinzerstrjitwei. Nei't de plysje alarmearre wie, besochten de twa fertochten (20 en 23 jier) út te piken, mar nei in efterfolging waarden se pakt troch de plysje.

Foarbyldfoto fan in wenningynbraak - Foto: Shutterstock.com

By dy efterfolging smiet ien fan de fertochten in beurs fuort, dêr sieten in lytse hûndert boltsjes drugs. Op it buro bliek dat de fertochte fan 20 jier nochris santich boltsjes hie. Dat is yn beslach nommen.

Op it plak dêr't se besochten yn te brekken, fûn de plysje ark en in scooter mei in ferkearde kentekenplaat. De plysje ûndersiket noch wêr't dy weikomt.

Mear ynbraken

Der wiene dit wykein mear ynbraken yn Ljouwert. By in ynbraak yn in restaurant oan de Canadezenlaan waard in klûs en in kassalaad bútmakke. Yn deselde strjitte waard ek by in pizzeria ynbrutsen. Dêr waard neat bútmakke, omdat de ynbrekkers betrape waarden. Se gongen derfan troch en binne noch net oppakt.

Ek oan de Douwe Kalmaleane is ynbrutsen. Ut in hûs binne sieraden, horloazjes en munten meinommen. Ek foar dy ynbraak is noch gjinien oanholden.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert ynbraak drugs
(advertinsje)
(advertinsje)