Provinsje moat ynset fan boa's yn natuergebieten betelje, fynt SP

24 maaie 2020 - 17:13

De provinsje moat betelje foar hanthavening yn de natuergebieten. Dat fynt de fraksje fan de SP yn Provinsjale Steaten. Organisaasjes as Staatsbosbeheer, It Fryske Gea en Natuurmonumenten ha net genôch personiel om it tafersjoch út te fieren. Jild om boa's (bûtengewoan opspoaringsamtners) op paad te stjoeren, is der net, skriuwt de LC.

In stek fan It Fryske Gea by natuergebiet it Easterskar - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Dêrom wol de SP dat Deputearre Steaten in ferplichte fergoeding jout oan hanthaveners yn de Fryske natuergebieten. No ha de natuerorganisaasjes dêr gjin jild foar. "De provincie beroept zich op geldgebrek, maar dat is een drogreden", seit Steatelid Hanneke Goede fan de SP. Sy wol woansdei fan deputearre Hoogland witte wêrom't Deputearre Steaten gjin jild beskikber stelle foar it tafersjoch yn de natuergebieten.

"Als er wordt gekozen voor goede handhaving is er natuurlijk altijd geld te vinden, het is een kwestie van prioriteiten stellen", neffens Goede. "Wij vragen het college van Gedeputeerde Staten dan ook om te kiezen voor goede handhaving en dus geld te zoeken om dit mogelijk te maken."

(advertinsje)
(advertinsje)