Kontenerbrân op De Gordyk nei alle gedachten oanstutsen

De brân op De Gordyk, wêrby't tûzen ôffalkonteners opbrânden, is nei alle gedachten oanstutsen. Dat seit de gemeente Opsterlân. Der wurdt útgien fan brânstifting en it ûndersyk dêrnei rint op it stuit. Earder yn de nacht wiene der ek al twa lytsere brantsjes yn konteners op De Gordyk.
Bylden fan de brân:
De Gordyk
By de brân snein op it terrein fan ThermoNoord kaam sa folle reek frij, dat de helptsjinsten trije hûzen yn de buert ûntromme ha. Gjinien rekke ferwûne. De minsken dy't har hûs ferlitte moasten, koene al frij gau werom.

Konteners fan omruilaksje

Nei goed twa oeren hie de brânwacht de brân ûnder kontrôle. De tûzen âlde konteners wiene der delset troch Omrin. It gong om âlde konteners, dy't by in omruilaksje ynlevere wiene.
Ingrid Weert fan de brânwacht seit dat de konteners leech wiene. Der kaam wol in protte reek frij, en dêrom waard der in NL-Alert ôfjûn. De helptsjinsten wiene ek benaud dat de brân oerslaan soe nei oare gebouwen, mar safier kaam it úteinlik net.
Ingrid Weert oer de brân